Orkestleden wurde ûnderbetelle

© Omrop Fryslân
Muzikanten fan Noard Nederlânsk Orkest NNO wurde ûnderbetelle. Dat blykt út in rapport fan it buro Research voor Beleid yn opdracht fan wurkjouwers en wurknimmers. Yn fergeliking mei oare beroppen op HBO-nivo leit it salaris fan in orkestmuzikant hast 60% leger.
De orkesten ha it rapport mienskiplik oan minister Plasterk fan Kultuer oanbean. Fakbûn FNV-Kiem beriedt him op mooglike publyksaksjes. In soad orkestleden ha der in baantsje by om rûnkomme te kinnen.