Fjochtpartij hûndert jongeren

31 aug 2008 - 15:16

De plysje hat sneintemoarn sa'n hûndert fjochtsjende jongeren út elkoar helle yn Boalsert. Op en om de Bargefenne giene de jongeren yn twa groepen mei elkoar op de fûst.

Mei ûnder oaren in tsjinsthûn en troch it brûken fan de wapenstok koe de plysje se út elkoar helje. In oantal portiers fan hoarekagelegenheden holpen dêrby. In 18-jierrige ynwenner fan Tsjerkwert waard oanhâlden omdat er de plysje misledige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)