Ungelok yn Bitgum

31 aug 2008 - 13:25

Der hat sneontemiddei in ûngelok plakfûn op de Berltsumerdyk yn Bitgum. In automobilist (35) út Ljouwert wie dêr mei in ynhelmanoeuvre frontaal op in him temjittekommende auto botst. Dy auto waard bestjoerd troch in 35-jierrige plakgenoat.

Dizze auto sloech oer de kop. De bestjoerder en in ynsittende rekken dêrby ferwûne. Se waarden beide foar ûndersyk nei it MCL ferfierd. De bestjoerder fan de ynhellende auto hie dronken en hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)