Ynbraak by bedriuwen

31 aug 2008 - 13:20

De plysje ûndersiket de ynbraak yn in bedriuw oan de Lutskedyk yn Stiens. Yn de nacht fan freed op sneon waard dêr in rút fernield. By de ynbraak waarden in laptop en in noch ûnbekend jildbedrach stellen. In ynwenner (44) fan Aldebiltsyl hat oanjefte dien.

Yn de nacht fan freed op sneon is ynbrutsen yn in hoarekagebou oan de Bitgumerdyk yn Marsum. Der waard in rút fernield, wêrnei't in noch ûnbekend jildbedrach en tabak stellen waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)