Mei Fawaka nei Borsato

Marco Borsato
De Stichting Fawaka jout jonge mantelsoargers kâns op it winnen fan in kaartsje foar in konsert fan Marco Borsato. Fawaka is in organisaasje dy't him ynset foar Fryske jongeren dy't thús in siik famyljelid ha.
De stichting organisearret foar de jongeren aktiviteiten. Begjin oktober meie tsien jongeren fan boppe de 13 mei nei fan Marco Borsato yn Arnhem. De jongeren kinne in kaartsje winne troch nije aktiviteiten te betinken foar de stichting.