Earste help Stichting Present

31 aug 2008 - 10:55

De Stichting Present Smallingerland hat syn earste projekt útfierd. De stichting is oprjochte om frijwilligers yn kontakt te bringen mei minsken dy't help nedich hawwe. Sneon hat in groep frijwilligers de wenning fan in man út Drachten opknapt, dy't dat sels net koe.

De stichting ferwachtet de rest fan it jier noch sa'n tsien projekten út te fieren. Dat wurdt dien yn gearwurking mei maatskiplike organisaasjes yn Smellingerlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)