Van Klaveren teloarsteld

Deputearre Jannewietske de Vries
Kultuerdeputearre Jannewietske De Vries wol noch gjin tasizzings dwaan oer subsydzje fan de provinsje foar in folgjende edysje fan it Frysk Festival. De Vries wol earst it festival fan dit jier evaluearje.
It idee fan artistyk lieder Guy Coolen om it festival ien kear yn de twa jier te hâlden, sjocht De Vries net sitten. Foarsitter Gerard van Klaveren fynt it spitich dat de deputearre net har nekke útstekt. At de provinsje net gau in beslút nimt, stapt er mooglik op.