Jild foar Stichting Onbeperkt

© Omrop Fryslân
De Stichting Onbeperkt krijt de kommende fjouwer jier finansjele stipe fan de gemeente Nijefurd. De stichting soarget der foar dat minsken mei in lichaamlike beheining of in foarm fan autisme swimme kinne. It jild fan de gemeente wurdt brûkt om in diel fan de hier fan swimbad De Rolpeal yn Warkum mei te beteljen.
De gemeente wol mei de finansjele stipe syn wurdearring útsprekke foar it oprjochtsjen fan de stichting. Dy is koartlyn mei syn aktiviteiten begûn.