Dirk Fabriek gjin kampioen

30 aug 2008 - 23:49

Dirk Fabriek is der net yn slagge om Europeesk kampioen gersbaan te wurden. Op de baan fan Siddeburen gong it sneontejûn yn de searjes geweldich goed. Mei de measte punten helle Fabriek de A-finale. Yn dy finale rekke hy yn de foarlêste ronde Mark Stiekema, dy't it ketting fan de motor hie. In falpartij wie it gefolch en Dirk Fabriek waard diskwalifisearre en sechsde yn de einstân.

De titel gie nei de Frânsman Stephane Tresarrieu.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)