Horsten wint skeelerjen Snits

© Omrop Fryslân
Mark_Horsten fan Haulerwyk hat sneon yn Snits in skeelerwedstriid út de World on Wheels-kompetysje wûn. Hy wie yn in massasprint te sterk foar Durk Fabriek fan It Hearrenfean en Rick Smit fan Hem.
Op de supersnelle 1300 meter baan yn Snits besochten in protte mannen fuort te kommen. Benammen Martijn Kromkamp fan Wolvegea wie aktyf en by alle kopgroepkes belutsen. Dat slagge allegear net en dus draaide it út op in massaspurt.