Folkertsma nr. 1 op FNP-list

30 aug 2008 - 16:21

Lolke Folkertsma fan Dokkum is freed keazen as listlûker foar de FNP by de wetterskipsferkiezings yn novimber. Op de bysûndere ledegearkomste wiene 80 leden ôfkommen om har stim út te bringen. Wopke Veenstra en Hessel Agema binne de nûmers twa en trije fan de FNP-list. De FNP giet yn har programma benammen foar wetterkwaliteit en feiligens foar de befolking.

Listlûker Folkertsma giet út fan twa of trije sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)