Edelweis poetst op Skylge

© Omrop Fryslân
Skjinmakbedriuw Edelweiss yn Ljouwert nimt Stam Dienstverlening op Skylge oer, dy't ûnder oare de boaten fan Doeksen skjinmakket. Edelweis hat mei Doeksen ôfpraat dat wurk ek de kommende trije jier te dwaan. Wat it bedriuw dêr foar krijt wol it net sizze, wol dat it mear as in heal miljoen euro is. Edelweiss wol mei de oername syn aktiviteiten op de Waadeilannen útwreidzje.
Edelweiss groeit mei de oername fan 145 nei 151 persoanielsleden.