Deade man fûn op 'e Jouwer

30 aug 2008 - 15:06

De brânwacht hat freed op De Jouwer in deade man út in wenning helle. Dat waard dien op fersyk fan de plysje. Dy fûn de man nei meldings fan de buorlju dat se it slachtoffer al in skoftke net sjoen hienen.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de man in natuerlike dea stoarn is. De plysje docht dêrom gjin fierder ûndersyk nei syn dea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)