GSM mei geweld stellen

30 aug 2008 - 14:38

In 22-jierrige ynwenner fan Damwâld stie yn de nacht fan freed op sneon om healwei twaen yn de Speelmanstrjitte yn Ljouwert te beljen doe't in ûnbekende man him in hurde klap op 'e achterholle joech. De Damwâldster draaide him om en krige doe noch in klap tsjin 'e kaak.

Hy foel op 'e grûn en krige noch in traap nei. De ûnbekende man pakte syn mobyltsje en naaide út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)