Friezen yn finale Latin Talent

© Omrop Fryslân
Der dogge moarn twa Friezen mei oan de finale fan de sjongwedstryd Latin Talent 2008. Earder waard al bekend dat Daniel Munoz-Repko út Snits oan dy finale meidocht. Freedtejûn waard ek Denise Rivera út Ljouwert útkeazen. Sy wûn de heale finale yn Rotterdam.
De finale wurdt moarn hâlden yn Breda. De twa Friezen en in sjongeres út Alkmaar stride dan om in platekontrakt.