Kenny Steppe nei Hearrenfean

Kenny Steppe
SC Heerenveen is it iens wurden mei Germinal Beerschot oer de transfer fan de jonge Belgyske keeper Kenny Steppe (19). Steppe is de keeper fan de jonge reade duvels en waard it ôfrûne seizoen útroppen ta keeper fan it jier.
Steppe tekent by de Feansters in kontrakt foar fiif jier. De komst fan Steppe is de winsk fan trainer Trond Sollied fan SC Hearrenfean. Sollied soe ûnfoldwaande betrouwen hawwe yn Brian Vandenbussche.