Stekker út Wâldnet TV

29 aug 2008 - 12:42

Radio Noordoost Friesland en Kabel Noord hawwe tongersdei de kabelkrante fan Wâldnet_TV fan ´e kabel helle. De lokale omrop wol it tv-kanaal tenei sels folje as RTV Noordoost Friesland. Wâldnet fersoarge de kabelkrante sûnt jannewaris 2007. Neffens de lokale omrop soe Wâldnet ynformaasje ferspraat hawwe dy´t net kloppet.

Der is ek ferskil fan miening oer de ferdieling fan de reklame-ynkomsten op it tv-kanaal. Wâldnet seit ´fernuvere´ te wêzen oer de gong fan saken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)