Mear stipe foar RT Nijefurd

29 aug 2008 - 10:40

De gemeente Nijefurd lûkt 35.000 euro út om de lokale radio en tv-stjoerder RTN út de finansjele soargen te helpen. In subsydzje fan 20.000 euro wie nedich om de skulden ôf te lossen.

Dêrneist krijt de stjoerder trije jier lang 5.000 euro ekstra om út de reade sifers te bliuwen. By RTN binne se bliid mei it jild, mar noch belangriker, se sitte by in mooglike weryndieling mei bettere papieren oan tafel. Want by fúzje kin eins mar ien lokale omrop bestean bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)