Legere winst Friesland Bank

29 aug 2008 - 08:16

De Friesland_Bank hat yn de earste helte fan 2008 in nettowinst boekt fan 41 miljoen euro. Dat is in stik leger as de 106 miljoen euro fan ferline jier. Dy hege winst yn 2007 hie foaral te krijen mei in oantal ienmalige ynkomsten lykas de fekeap fan it belang yn it bedriuw Kempen & Co.

De Friesland_Bank hat yn de earste helte fan dit jier wol 5000 nije klanten der by krigen. De Friesland_Bank ferwachtet oer hiel 2008 ek in legere winst as yn 2007.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)