Besite ynternist op ynternet

28 aug 2008 - 20:37

Pasjinten fan It Amelân hoege foar in ynternist net mear nei de fêste wâl ta. Se kinne no fia it ynternet kontakt lizze mei harren spesjalist yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. It giet om in proef fan ynterniste Hilde_Royen. Se docht dat yn gearwurking mei it Carthesius Ynstitút.

De pasjinten wurde by it konsult holpen troch de húsdokter op it eilân. Dizze kin ek it lichaamlik ûndersyk dwaan. Foaral foar âldere minsken is it fideo-konsult in útkomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)