Beekmans en Mboua tsjin Emmen

© Omrop Fryslân
Cambuur-trainer Jurrie Koolhof spilet freedtejûn tsjin Emmen mei in oare opstelling as de ôfrûne wiken. Paul Beekmans, dy't noch in skorsing stean hie, spilet sintraal yn de ferdigening. Dêrtroch spilet Rudy Jansen rjochtsachter en sit Dennis van der Ree op de bank. Marc Mboua begjint ek fan it begjin ôf oan, ynstee fan Rachid El Khalifi.
Koolhof wol mear fuotbal en coaching yn de ploech en tinkt dat mei dizze minsken foarelkoar te krijen.