E-learning skoallen eilannen

28 aug 2008 - 11:46

Op de Waadeilannen krije legere skoallen mooglikheden foar it saneamde E-learning. Dat hat steatsiktaris Dijksma fan ûnderwiis woansdei tasein op in wurkbesite op It Amelân.

E-learning betsjut dat skoalbern fia ynternetferbinings lessen folgje kinne fan leararen op oare eilannen en de fêste wâl. It digitaal learen wurdt al dien op de skoallen foar fuortset ûnderwiis op de eilannen. Betingst fan de steatsiktaris is dat alle basisskoallen meidogge oan it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)