Hurdrider leveret rydbewiis yn

28 aug 2008 - 11:09

In 28-jierrige motorrider út Eanjum moast woansdei syn rydbewiis ynleverje by de plysje, om´t er fierstente hurd ried. Hy gong mei 155 kilometer yn ´e oere oer de Kwelderwei by Kollumerpomp, wylst 80 dêr it maksimum is.

De man krige in stopteken fan de plysje en koe fuortendalik syn rydbewiis achterlitte. Hy hat ek prosesferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)