Frou stelt 300 euro

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in frou fan 38 jier út Feanwâlden oppakt foar stellerij út in wenning. In frou fan 91 siet televyzje te sjen yn har hûs, doe´t se hearde dat ien troch de achterdoar har hûs útgong. Dêrnei kaam se derachter dat 300 euro fuort wie.
De frou hie koart dêrfoar sjoen dat in frou har hûs foarby gie en de keamer yn seach. In tsjûge hie in frou sjoen dy´t oan it sinjalemint foldie en wist wêr´t de frou wenne. De frou waard dêrop oanholden en nei it buro brocht.