Pakt foar stellerij en wapens

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei op it Cambuurplein yn Ljouwert in 34-jierrige frou út dy stêd oanholden foar stellerij. De 21-jierrige man dy´t by har wie, waard oppakt om´t er in flintermes en in buske pepperspray by him hie.
In meiwurker fan in supermerk belle de plysje, om´t de frou wat stellen hie út de winkel. Doe´t de plysje it twatal kontrolearre, kamen ek de wapens foar it ljocht. Beide hawwe prosesferbaal krigen.