Indiëbetinking yn Ljouwert

27 aug 2008 - 21:39

By it Indiëmonumint yn it Rengerspark yn Ljouwert binne tiisdeitejûn de 168 Fryske militêren dy´t ferstoarn binne yn it eardere Nederlânsk-Indië en Nij-Ginea betocht. De byienkomst waard bywenne troch mear as 500 âld-striders en harren famylje en kunde.

Der waard in minút stilte hâlden en by it monumint waarden krânsen lein. Ek kommissaris Jorritsma en fertsjinwurdigers fan definsje en feterane-organisaasjes wiene by de byienkomst oanwêzich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)