Personielskrapte op skipswerf

It giet de Makkumer werf foar de wyn
Skipswerf De_Vries yn Makkum hat driuwend ferlet fan mear personiel. By de skipswerf wurkje op dit stuit 160 minsken. Ein dit jier soene dat der 200 wêze moatte, mar dat personiel is lykwols troch krapte op de merk net te finen.
Om dochs de opdrachten oan te kinnen wurdt in diel fan it wurk no útbestege. De werf besiket mei in advertinsjekampanje it tal personielsleden ein dit jier op 180 te bringen.