Miljoenen mear foar WMO

27 aug 2008 - 20:06

Fryske gemeenten krije der miljoenen by foar de útfiering fan de WMO. Gemeenten mei in soad âlderen en handikapten krije mear jild fan it Ryk en dat pakt geunstich út foar Fryslân.

It jild is opnij ferdield sadat de budzjetten better oanslute by de praktyk. Achtkarspelen is de iennige gemeente dy´t wat ynleverje moat, Flylân en Skylge krije mear as twa kear sa folle. Snits krijt yn plak fan 2 miljoen 3,6 miljoen foar de útfiering fan de WMO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)