Ljouwert oan ´e LED-lampen

© Omrop Fryslân
Ljouwerter strjitten moatte yn ´e takomst ferljochte wurde mei LED-lampen. Woansdei is út ein set mei LED-lampen op reklamebuorden oan lampepeallen. Dy stean oan trochgeande diken yn ´e stêd. LED´s op reklamebuorden yn plak fan reguliere lampen nimme 70 persint minder enerzjy.
As it oan de gemeente leit, wurde ek gau LED-lampen brûkt foar strjitferlochting. De lampen by de diken kin mei LED minder fel set wurde as yn ´e wenwiken.