Afûk teloarsteld yn taalbelied

Boekwinkel fan 'e Afûk yn Ljouwert
De gemeente Ljouwert moat meiwurkje oan de bou fan in taaleksposintrum foar it Fryske taal. Dat wol de Afûk. De provinsje Fryslân wol yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde. Ljouwert ûnderskriuwt dy ambysje as haadstêd fan in twatalige provinsje.
De nijste kultuernota is posityf oer de kursusynstelling, mar der stiet ek yn dat it Frysk gjin grutte rol spilet yn ´e haadstêd. Neffens de Afûk is dat net wier. Ljouwert moat mear dwaan om it Frysk in promininter plak te jaan.