Ierdappelopbringst falt ôf

27 aug 2008 - 10:33

Ierdappelboeren hawwe dit jier skea troch de waarsomstannigheden. Fan_´t_maitiid wie it in skoft lang te droech. Dêrtroch stean no 10 oant 15 prosint minder ierdappels op it lân. De lêste wiken is der te folle rein fallen. Sadwaande binne ek nochris 10 oant 15 prosint ferrotte.

It it no de tiid om de ierdappels fan it lân te heljen, mar troch de wiette kinne de boeren mei de masines it lân net op. De rispinge is dit jier letter as oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)