Steuring: ´Lân´ gie net troch

27 aug 2008 - 10:16

De foarstelling Lân by Kimswert is tiisdei troch in technykse steuring oergien. Trije kertier foar it begjin kaam der 600 volt troch de apparatuer. Fersterkers en beamers gongen dêrtroch stikken. Neidat technisy de apparatuer besjoen hiene, is besletten om de foarstelling net trochgean te litten. Der wiene doe sawat hûndert besikers.

De foarstelling spilet him ôf yn ´e greide. Op fjouwer skermen binne bylden fan Herman_Zeilstra te sjen ûnder muzyk fan Sytze_Pruiksma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)