Winkeldief oppakt

© Omrop Fryslân
In 33-jierrige man út Dokkum is tiisdeitemiddei op It_Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan winkelstellerij. In alerte meiwurker fan in winkel oan it Boargemaster_Kuperusplein hie de fertochte op ´e died trapearre en fuortendaliks 112 belle.
De fertochte is meinaam nei it plysjeburo en dêr die bliken dat er út mear winkels saken meinommen hie sûnder te beteljen. De man hat in prosesferbaal krigen.