IJzeren Hein is dea

IJzeren Hein (foto: NDR)
De bekende hurddraver IJzeren_Hein is dea. It hynder fan fokker en eigner Van_der_Laan fan Aldeholtpea is snein deagien. De hynst wie yn it lêst fan de tachtiger en begjin njoggentiger jierren ien fan de populêrste hynders yn it lân.
De grutste prestaasje levere IJzeren_Hein yn 1988 op de baan fan it Dútske Gelsenkirchen, dêr´t er it Eliterennen wûn. IJzeren_Hein is 27 jier wurden.