Beweechbere pealtsjes yn Snits

26 aug 2008 - 16:50

It sintrum fan Snits wurdt fan ein dit jier ôf ôfsletten mei pealtsjes dy't yn 'e grûn weisakje kinne. Inkeld auto's en bussen mei in ôfstânsbetsjinning kinne der dan noch ynkomme.

De peallen komme yn fuotgongersgebiet en yn strjitten dy't no ek al faak ôfsletten wurde foar ferkear. Dan giet it om de Lytse Tsjerkestrjitte, it Grutsân en de Liuwenburch. De gemeente Snits ferwachtet net deselde problemen as yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)