Fuortset ûnderwiis yn H´garyp?

© Omrop Fryslân
Steatssiktaris Van_Bijsterveld jout in negatyf advys foar in middelbere skoalle yn Hurdegaryp. Yn desimber is in oanfraach yntsjinne foar in katolike middelbere skoalle.
Van_Bijsterveld sjocht it nut net fan dy skoalle. Jongeren dy´t nei in katolike skoalle wolle, kinne wol nei it Marne Kolleezje yn Boalsert. Neffens it Tjalling Koopmans College is dat gjin goed argumint, omdat dy skoalle te fier fuort is. De skoalle sil no lobbye by de Twadde-Keamerfraksje