Vermilion set gaswinning stil

De boaiem sakket mear as tocht
Oaljemaatskippij Vermilion hat de winning fan ierdgas yn Noardwest-Fryslân foarearst stillein. Neffens in nijsbrief fan it bedriuw sakket de boaiem yn it noarden fan Fryslân mear as se oant no ta tocht hiene.
Yn it brief skriuwt Vermilion dat der twivels binne oer de betrouberens fan de eigen mjittings nei grûndelgong yn it gebiet. Yn oerlis mei it ministearje fan ekonomyske saken is no besletten om de gaswinning foarearst stil te lizzen.