´Deenske´ politisy yn Fryslân

26 aug 2008 - 11:34

It Südschleswigscher_Wählerverband, de partij fan de Deenske en Fryske minderheden yn Noard-Dútslân, is dizze wike op stúdzjebesite yn Fryslân. De SSW wol yn Fryslân sjen hoe´t je in minderheidstaal stypje kinne, seit lândeilid Lars Harms fan ´e SSW.

Yn Sleeswyk-Holstein prate noch sa´n 8.000 minsken Noardfrysk. De SSW´ers gean yn Fryslân op besite by de provinsje, de AFUK, Omrop Fryslân, de Fryske Akademy en by ´susterpartij´ de FNP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)