Nije brânwachtkazerne Amelân

26 aug 2008 - 10:37

De gemeenteried fan It Amelân hat moandeitejûn in kredyt fan in goeie 500.000 euro beskikber steld foar in nije brânwachtkazerne. It korps fan Hollum/Ballum sit tydlik yn in loads op it bedriuweterrein fan Hollum om't har âlde kazerne ferboud wurdt ta Maritym Museum.

De nije kazerne komt oan de Fabrykswei by Hollum. It folsleine brânwachtkorps wie moandeitejûn oanwêzich by de riedsgearkomste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)