Dútser fan rêchtas berôve

26 aug 2008 - 10:15

In Dútser (33) is moandeitemiddei yn Ljouwert fan syn rêchtas berôve. It slachtoffer rûn oer it Saailân doe't er ynienen in hurde klap krige. De man foel foaroer. Doe't er wer oerein kaam, seach hy hoe't twa manlju op in scooter útnaaiden mei syn rêchtas. Yn de rêchtas siet ûnder oare in digitale kamera.

Moandeitenacht waard in Ljouwerter (20) berôve op 'e Nijstêd. Hy waard beetpakt troch in man dy't de beurs út syn kontbûse pakte en doe útnaaide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)