CDA: 'Freegje subsydzje oan'

26 aug 2008 - 07:08

Undernimmers yn Boarnsterhim moatte folle faker subsydzje oanfreegje. It CDA yn dy gemeente fynt dat benammen de rekreaasjeûndernimmers it der faak by sitte litte. Ynkoarten komt der ien miljoen euro oan jild frij, spesjaal foar dy sektor.

Neffens it CDA moatte de ûndernimmers der gau bywêze omt it oars te let is. De partij is benaud dat de eigen ûndernimmers oan it koartste ein lûke sille at se net wiisd wurde op de mooglikheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)