Bolt ferwachtet gau útspraak

Bolt ferwachtet elk momint in útspraak.
Frachtweinsjauffeur Klaas Jan Bolt ferwachtet elk momint in útspraak fan de Frânske rjochter om de Harnser frij te litten. It fersyk 'tot vervroegde invrijheidsstelling' is ein july by de rjochter yn Bordeaux yntsjinne.
Ek hat Bolt sels noch fersyk yntsjinne om oan Nederlân útlevere te wurden. Advokaat Teurlings hopet dat Bolt ein septimber of begjin oktober frij komt. Bolt waard ta 5 jier sel feroardield foar drugssmokkel. Dêrfan hat er yntusken rom trije jier útsitten.