Plak socht foar 60 Beagles

25 aug 2008 - 16:24

Stifting Hulp en Herplaatsing Huisdieren siket foar 60 Beagles in nije baas. Dizze soart hûntsjes wurde faak brûkt as proefdier. De 60 Beagles dêr't de stifting in nij thús foar siket binne wyfkes fan 3 jier en âlder.

Sy komme fan in proefdierfokbedriuw en binne sels net brûkt foar proeven. De bisten meie mei pinsjoen, mar as der gjin nij thús foar se fûn wurdt, wurde sy ôfmakke. De hûntsjes binne sûn, mar sille der wol oan wenne moatte om by minsken yn 'e hús te wenjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)