Ljouwerter (34) krijt klappen

© Omrop Fryslân
In 34-jierrige man út Ljouwert is sneintejûn ferwûne rekke by in fjochtpartij yn Grins. It slachtoffer krige troch noch ûnbekende oarsaak spul mei in 31-jierrige man út Winsum.
De Grinslanner joech de Ljouwerter in klap yn it gesicht. Doe't it slachtoffer op de grûn lei, waard er skopt. De Ljouwerter hie ferskate ferwûnings en moast nei it sikehûs. De fertochte is ynsletten.