Smaal nije direkteur BV Sport
BV Sport hat in nije direkteur. It is de 50-jierrige Jesse Smaal fan Harns. Hy folget op ien septimber Harjan van Dam op, dy't fjouwer jier direkteur fan BV Sport wie.
BV Sport is yn Ljouwert ferantwurdelik foar alle sport- basisfoarsjennings, lykas de sporthallen en swimbaden. By de organisaasje wurkje meiïnoar mear as hûndert minsken.