Trio Olijnsma wint yn Bitgum

It winnende partoer yn 'e krânsen
It partoer fan Martijn Olijnsma, Auke van der Graaf en Douwe Groenendyk hat snein de Van Aismapartij yn Bitgum wûn. Yn de finale fersloegen se de winners fan ferline jier, Johan van der Meulen, Herman Sprik en Taeke Triemstra. Op de stân 5-5 en 6-4 miste Van der Meulen it perk.
De lytse preemje wie foar Jochum Bouma, Erik Haitsma en Pier Piersma. Douwe Groenendijk waard ta kening útroppen.