Harley Davidson-riders werom

24 aug 2008 - 15:26

Mei goed 30.000 kilometer op de teller kamen sneon de Harley Davidson-riders werom fan harren reis nei Sina. By de fiif avonturiers sitte twa manlju út Wolvegea en Steggerda.

Op 11 july stapten se op harren motor om de reis fia Oekraïne, Ruslân en Mongolie nei Sina te meitsjen. Se makken ferskate nuvere saken mei. Sa mochten se mei de Harleys Sina net yn. Ek rekken by in fleantocht twa motors poater. De motorriders waarden sneon feestlik troch famyljeleden ferwolkomd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)