Bonnen foar te folle drank

© Omrop Fryslân
By ferskate kontrôles hat de plysje sneontejûn en -nacht 20 bestjoerders op 'e bon slingere omdat se te folle dronken hiene. Alle bestjoerders hawwe proses-ferbaal krigen. Sân fan har moasten ek it rydbewiis ynleverje.
In 59-jierrige dronken autobestjoerder út Fryske Peallen wie ek noch belutsen by in oanriding yn Appelskea. Hy soe de Sanatoriumwei opride doe't der krekt in oare automobilist foarby riden kaam. In botsing wie it gefolch.