Keninginne yn Nijetrine

Keninginne Beatrix hat sneontemiddei yn it grutste geheim in besletten foarstelling fan de komyske opera 'Alias Duivelsoog' yn Nijetrine bywenne. Se wie dêr op útnoeging fan in pear freonen. De foarstelling wurdt yn de iepenloft spile yn natoergebiet de Rottige Meenthe. De organisaasje wie al op de hichte fan de keninklike besite, mar mocht dêr om feiligensredenen net oer prate. Neffens produsint Yvon Scheper moast de Keninginne bot laitsje om it stik.