Helmholt Nederlânsk kampioen

23 aug 2008 - 18:20
De winners yn Burgum (Martin de Jong)

Foar de fyfde kear is Bart Helmholt sneon Nederlânsk kampioen fierljeppen by de senioaren wurden. Mei in sprong fan 20.14 bleau er Ysbrand Galama (19.74), Jaco de Groot (19.68) foar.

By de junioaren gie de titel nei Alwin Fonk. Mei grutte oermacht wûn hy de wedstriid mei in sprong fan 19.09. By de jonges sprong Hans Ulco de Boer 16.83 en dêrmei pakte er de Nederlânske titel. Allinnich by de froulju wûn gjin Friezinne. Liesbeth de With wie mei 14.76 de sterkste.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)